Gedicht
Myn mem Geartsje Fokkema wie Frysk, mar hat de tael pas op letter leeftyd leart. Sij skriuwde gedichten ûnder de namme Geartsje Douwes. Dizze twa hannelje oer de natoer.
Jouns bij de bushalte
Blomke-terp
Deastil stean de beammen
te dreamen bij it wiet
Gjin sigentsje ferweget har tûken
As harken se nei in ynnerlik liet
Se spegelje har yn’e grêften
dêr glânzet in oare wrâld;
suverder, frediger as uzes?
of ’t wjerbyld: wreed en fersteurd.
Hiene wij wat fan’e beammen,
de tûken yn oerjefte heven
tsjin’e loften oan.
Ferwachtsjend in oare tiid;
bewoartele (fêst) yn’e ierde;
net hinne en wer
troch twivel en eangsten ferslein
dochs trou en wach op it plak.
6-12-1979
Sa sêft as wie it Maaie
komt mij de stilte oan.
It reid sels hâldt de siken yn;
myn knisterjen op it skylpepaed
brekt de tsjoen
einen skrille út de ûnderwâl,
stowe kwêkjend op it lân.
Efter mij wurdt it wer stil,
it fjild keart ta himsels wer yn.
It reid, de sleat, it skylpaad leit
yn oandachtige mimering . . .
Moarn skuort hjir de buldoazer
de grûn foar swimbad, iisbaan, sport;
foar tûzenen fertier,
de ekskavateur stiet ree;
wêr fyn ik in skylpaad den
sa’n lêste stripe free . . .
13-12-1979